![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/e7/2022_Eanjum%252C_sicht_op_it_doarp.jpg/640px-2022_Eanjum%252C_sicht_op_it_doarp.jpg&w=640&q=50)
Eanjum
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eanjum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Eanjum leit noardlik fan Ingwierrum, eastlik fan Moarre-Ljussens en westlik fan De Skâns. Eanjum hat 1.075 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit benammen oan De Singel en de Mûnebuorren, eastlik fan de terp fan Eanjum.
Fluch de feiten
Eanjum | ||
![]() | ||
It doarp fanút it súdwesten | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.075 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 20,43 km², wêrfan: - lân: 19,74 km² - wetter: 0,69 km² | |
Befolkingsticht. | 58,25 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 22' N 6° 7' E | |
Offisjele webside | ||
Oer Eanjum | ||
Kaart | ||
Slute
De buorskippen Jewier, Stiem, Iesumasyl, Esonbuorren en Teard hearre ek by Eanjum. Earder hearde De Skâns-Oostmahorn ek by Eanjum mar dat is sûnt 2008 in selsstannich doarp.