In dûker is in sivyltechnysk bouwurk. It is in kokerfoarmige konstruksje yn in wei of daam, dy't bedoeld is om wetters mei elkoar te ferbinen. Dûkers wurde ek brûkt as in wetterwei in wettergong kruset. By in dûker wurdt yn prinsipe de boaiem fan de wettergong ûnderbrutsen, dit yn tsjinstelling ta in brêge of akwadukt.

Thumb
Lytse dûker ûnder in fuotpaad

Dûkers binne meast makke fan beton of stiel. Yn it ferline waarden ek wol mitsele dûkers makke. Hout en holle beamstammen waarden eartiids ek in soad brûkt.

In sifon of grûndûker en in knypduiker binne spesifike dûkersoarten.

Troch in klep oan te bringen dy't it wetter mar yn ien rjochting trochlit, kin fan in klepdûker in ienfâldige spuislûs makke wurde.

Yn Vlaardingen waard yn 1996 in tige âlde dûker opgroeven, dy't makke wie fan in âlde beamstammekano. Dy wie yn in dyk yngroeven en hie in knierjende klep, dy't by floed it wetter fan bûten opkearde. Undersyk hat útwiisd dat de kano ± 70-125 jier nei Kristus makke is. [1]

Heul

In oar, en folle âlder wurd is heul (meastal in mitsele dûker sûnder fêste boaiem). In sommige plaknammen, as Kwintsheul, is dit wurd noch werom te kennen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.