Dirk (Durk) Piebes Sjollema (Terbantsterskâns, 6 july 1760 - It Hearrenfean, 23 desimber 1840) wie in autodidaktysk keunstskilder en ferver.

Thumb
Sjollema yn 1828
troch Berend Kunst

Sjollema skildere benammen skippen en stedsgesichten. Hy wenne op de Harrewâl nûmer 2. Wurk fan syn hân is yn it Frysk Museum, it Frysk Skipfeart Museum yn Snits, it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean en it riedhûs fan Skarsterlân op De Jouwer.

Op de tentoanstelling 'Hûndert jier Fryske skilderkeunst', dy't yn 1947 hâlden waard, wienen fan him te sjen 'De wetterfloed fan febrewaris 1825', 'It binnenfallen fan in haven troch twa Fryske fartugen', 'In Fryske beurtman by stilte op de Sudersee en oare skippen', 'Silende skippen op see' en 'Sylskip op see', allegear eigendom fan it Frysk Museum. Dy skilderijen binne nei de trant fan dy tiid wat swier-romantysk en plaatsjeseftich. Se binne wichtiger as tiidsbylden as út artistyk eachpunt. As keunstner wie Sjollema net fan grut formaat, mar hy hie in soad bekendheid yn Fryslân.

Durk Sjollema wie boaske oan Sieuwke Heeres Walstra (1771-1854).

Galery

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.