Drukparse
From Wikipedia, the free encyclopedia
In drukparse wie oarspronklik in stik hânark dat brûkt waard om teksten of ôfbyldings yn oplage mei te fermannichfâldigjen. De âldste drukparsen makken ôfbyldings foar spylkaarten. Dy wiene om 1050 hinne yn Sina yn gebrûk.
Skiednis fan de boekdrukkeunst | |
---|---|
Blokdruk | 200 f.Kr. |
Losse letters | 1040 |
Drukparse | 1453 |
Ets | ± 1515 |
Mezzotint | 1642 |
Akwatint | 1772 |
Litografy | 1796 |
Gromolitografy | 1837 |
Rotaasjeparse | 1843 |
Stinsel | 1869 |
Leadsetten | 1884 |
Mimeograaf | 1886 |
Kopiearapparaat | 1907 |
Seefdruk | 1910 |
Matrizedruk | 1923 |
Kserografy | 1938 |
Fotosetwurk | 1949 |
Inket(snjit)printer | 1951 |
Kleurstofsublimaasjedruk | 1957 |
Matriks(nulle)printer | 1968 |
Laser(ljocht)printer | 1969 |
Termoprinter | ± 1972 |
3D-printer | 1984 |
Digitale printer | 1993 |
De earste Jeropeeske drukparsen ûntstiene om 1350 hinne yn Easteryk, yn Wenen of yn Salzburg.
In drukparse is in masine dy't brûkt wurdt om tekst en/of ôfbyldingen yn oplage te fermannichfâldigjen.
It âldste type drukparse yn Europa is de degelparse. Dy bestiet út in stellaazje fan in ûnderplaat dêr't de drukfoarm op leit en in boppeplaat (degel). De drukfoarm wurdt mei de hân yninkte. Dan wurdt der in fel papier op de drukfoarm lein. De degel kin mei help fan in spindel omleech draaid wurde oant op de drukfoarm. Troch it oandraaien fan de degel tsjin it papier ûntstiet de ôfdruk. De âldste Europeeske drukparsen binne te sjen yn it Plantin-Moretus museum yn Antwerpen. It Frysk Grafysk Museum op De Jouwer hat in grutte kolleksje op it mêd fan drukken.
Yn de rin fan de iuwen is de degel modernisearre. Letter waarden silinderparsen en rotaasjeparsen ûntwikkele wêrtroch't de produksjesnelheden folle heger waarden.
Yn de tweintichste iuw kaam it offsetprosedee yn swang. Dêrneist besteane der parsen foar folydruk, djipdruk, seefdruk en tampondruk.