Doarestêd
From Wikipedia, the free encyclopedia
Doarestêd wie ien fan de wichtichste en súksesfolste ynternasjonale hannelssintrums yn Noardwest-Jeropa fan de 7e oan it midden fan de 9e iuw. It lei by de splitsing fan de rivier de Ryn mei de Lek, en by it stee dêr't de Romeinen earder in stiennen kastiel boud hienen, tichtby it hjoeddeiske Wyk by Duerstede.
Oan de ein fan de 7e iuw waard Doarestêd omskreaun as patria Frigonum/Frixonum, dat betsjutte: lizzend yn it lân fan de Friezen.[1] It hat yn de tiid fan 600 oant 850, in plak west dêr't de Friezen en Franken foar striden hawwe, û.o. yn de Slach by Doarestêd.[2] Ferskillende kearen feroare it fan eigener, foar it lêst yn 719 doe't it foarfêst yn Frankyske hannen kaam troch Karel Martel. Yn 840 droech Lotarius I Doarestêd oer oan de Deenske bruorren Rorik en Harald. Healwei de 9e iuw rekket Doarestêd yn ferfal. It ynwennertal wurdt yn de bloeitiid rûsd op in 2.500 oant 3.000.