From Wikipedia, the free encyclopedia
Dimter (Nederlânsk: Deventer) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Oerisel mei 103.485 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 134,33 km². Dimter is nei Ynskedee en Swol de tredgrutte gemeente neffens ynwennertal yn Oerisel.
Dimter Deventer | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Oerisel |
boargemaster | Ron König |
sifers en geografy | |
haadplak | Dimter |
grutste plak | Dimter |
ynwennertal | 103.485 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 787 /km² |
oerflak | 134,33 km² |
● wêrfan lân | 130,68 km² |
● wêrfan wetter | 3,65 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 5 |
ferkearsieren | Steatsline A, Spoar fan Apeldoarn nei Dimter, Spoar fan Dimter nei Almelo, A1, N337, N344, N348 |
skiednis | |
oprjochte | 2005 |
foar 2005 | Dimter Bathmen |
oar | |
netnûmer | 0570 |
postkoade | 7400-7438 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | Webstee fan de gemeente |
Op 1 jannewaris 2005 fusearre de doetiidske gemeente Dimter mei de gemeente Bathmen. Sûnt 2001 foarmet Dimter mank mei de Gelderske gemeenten Apeldoarn, Brummen, Epe, Lochem, Sutfen en Voorst it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke of Cleantech-regio. Dat regionale gearwurkingsferbân hat as doel yn 2030 enerzjyneutraal te wêzen en ûntwikkelet meiïnoar oparbeidzjend belied op fysyk (romtlike oardering, wenjen, ferkear ensfth), ekonomysk en sosjaal mêd.
De gemeente Dimter hat in oerflak fan 134,37 km² en hat as haadplak de stêd Dimter, dy't likernôch 82.000 inwoners hat. Oare grutte kearnen yn de gemeente binne Bathmen (liekrnôch 5.500 ynwenners), Diepenveen (likernôch 4.800 ynwenners) en Schalkhaar (likernôch 6.000 ynwenners). De gemeente grinzget yn it noardwesten oan de gemeente Olst-Wijhe, yn it noardeasten oan Raalte, yn it easten oan Rijssen-Holten, yn it suden oan Lochem (Gelderlân) en yn it westen oan Voorst (Gelderlân).
Plaknamme | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2019 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Dimter * | 80.570 | 81.120 | 81.425 | 81.250 | 81.045 | 80.660 | 82.885 |
Bathmen | 4.290 | 4.375 | 4.405 | 4.435 | 4.450 | 4.460 | 4.454 |
Schalkhaar | 4.690 | 4.715 | 4.660 | 4.715 | 4.820 | 5.015 | 5.225 |
Diepenveen | 4.400 | 4.380 | 4.350 | 4.340 | 4.305 | 4.270 | 4.399 |
Lettele | 560 | 575 | 595 | 595 | 605 | 595 | 663 |
Okkenbroek | 290 | 295 | 295 | 310 | 315 | 285 | 295 |
Buorskippen | |||||||
Dortherhoek | 200 | 200 | 205 | 205 | 210 | 225 | 219 |
Averlo en Frieswijk | 480 | 465 | 460 | 450 | 450 | 455 | 470 |
Loo | 720 | 720 | 690 | 710 | 705 | 685 | 713 |
Oude Molen | 110 | 105 | 105 | 105 | 105 | 110 | 111 |
Rande | 140 | 145 | 145 | 140 | 130 | 130 | 119 |
Tjoene | 200 | 195 | 210 | 210 | 205 | 200 | 201 |
Zuidloo | 270 | 270 | 255 | 255 | 255 | 245 | 266 |
Totaal | 97.890 | 98.525 | 98.735 | 98.670 | 98.580 | 98.320 | 99.990 |
* ynklusyf Colmschate (offisjele kearn) en De Hoven mei it bûtengebiet op de westlike ouwer fan de Isel.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.