Deliverer
From Wikipedia, the free encyclopedia
Deliverer is it njoggende diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ferlosser". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Deliverer ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2007, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Deliverer tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Fluch de feiten
Deliverer | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2007, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Pretender | |
● folgjend diel | Conspirator | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 04 147 |
Slute