Donato Giancola
From Wikipedia, the free encyclopedia
Donato Giancola (Colchester (Fermont), 1967) is in Amerikaansk yllustrator en boekbânûntwerper fan etnysk Italjaansk komôf. Hy hat him spesjalisearre yn it meitsjen fan keunst dy't heart ta de sjenres fan fantasy en science fiction. Giancola, dy't yn 'e Italjaanske keunstnerstradysje faak inkeld mei syn foarnamme Donato oantsjut wurdt, hat 3 kear in Hugo Award wûn en dêropta in World Fantasy Award en 18 Chesley Awards.
Fluch de feiten
Donato Giancola | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Donato Giancola | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1967 | |
berteplak | Colchester (Fermont) | |
etnisiteit | Italjaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | yllustrator, boekbânûntwerper | |
jierren aktyf | 1989 – no | |
prizen | 3x Hugo Awards 1x World Fantasy Awards 18x Chesley Awards | |
offisjele webside | ||
www.donatoart.com |
Slute