Germania (boek)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Germania, eins folút yn it oarspronklike Latyn: De Origine et Situ Germanorum ("Oangeande de Oarsprong en Sitewaasje fan de Germanen"), is in etynografysk wurk fan 'e hân fan 'e Romeinske skriuwer, histoarikus en steatsman Tasitus (56/57-±120). It boek datearret fan likernôch it jier 98, en is in beskriuwing fan lân en bewenners fan Germania, dat mânske gebiet fuort oarekant harren noardgrins, dat de Romeinen nettsjinsteande ferskate feroveringstochten nea betwinge kind hiene. Yn 'e Midsiuwen giene alle kopyen fan 'e Germania ferlern en foel it wurk oan 'e ferjitnis ta proai, oant der yn 1455 in manuskript fan opdoek yn 'e Abdij fan Hersfeld, yn Dútslân. Hoewol't Tasitus nea yn Germania west hie, en er syn ynformaasje dus op syn bêsten út 'e twadde hân hie, is Germania nei alle gedachten syn bekendste en meast weardefolle wurk, dat as iennichste (oerlevere) boarne oer de iere Germanen noch altyd fan histoarysk belang is. Foar Fryslân is it fan bysûndere betsjutting om't yn dit wurk foar it earst melding makke wurdt fan in folk dat Tasitus de Frisii neamd. It boek waard yn 1937 yn it Frysk oerset troch Willem Kok.
Germania | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Germania | |
auteur | Tasitus | |
taal | Latyn | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | wittenskip | |
skreaun | ±98 (n.Kr.) | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Germania | |
publikaasje | 1937, Boalsert | |
útjouwer | Utjouwerij A.J. Osinga | |
oersetter | Willem Kok |