From Wikipedia, the free encyclopedia
De Mûne fan Wassens (foarhinne 'De Vlijt') is in nôtmûne yn it Drintske doarp Súdwâlde (offisjeel Zuidwolde).
De Mûne fan Wassens
De Meule van Wassens | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Súdwâlde | |
adres | Mûnestrjitte 12 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1838, weropbou yn 1878 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 41099 (mûne) [1] | |
offisjele webside | ||
Side 'De Mûne fan Wassens' |
Oarspronklik waard de mûne yn 1838 yn Súd-Hollân tusken Moordrecht en Nieuwerkerk aan de IJssel as poldermûne boud. Nei't de út 1731 datearjende standermûne op it plak yn 1877 ôfbaarnde kocht de mûndersfamylje, de famylje Wassens, de Súd-Hollânske mûne oan om't gemalen dêr de poldermûnen oerstallich makken. De famylje Wassens liet de mûne yn Súdwâlde as nôtmûne opbouwe en joech de mûne de namme "De Vlijt".
Nei de Twadde Wrâldkriich krige de mûne gjin ûnderhâld mear en stie de mûne jierrenlang stil. In restauraasje folge yn 1960, mar stadichoan slûpte it ferfal dochs wer yn.
Op de renovaasje fan 1980-1981 folge in tiidrek dat de mûne in soad wurke, it wie sels yn dy tiid de meast draaiende mûne fan Drinte, mar nei it ferstjerren fan de mounder kaam de mûne op 'e nij stil te stean. Op 1 april 2002 waard brân stifte. Tanksij de brânwar bleau de skea beheind, mar op 5 maaie 2004 waard de mûne ûnttakele.
Fjirtjin jier letter kocht de Stifting 'De Meule van Wassens' de mûne fan Joe Wassens oan, mei it doel de mûne wer as nôtmûne oan it wurk te setten. Yn desimber fan dat jier 2018 sette in restauraasje útein en sûnt jannewaris 2020 is de mûne wer mealfeardich.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.