From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lutte (Nedersaksysk: De Lut) is in doarp yn Twinte yn de gemeente Losser. De Lutte hat 3.970 ynwenners (2023).
De Lutte | ||
De Dinkel yn it Lutterzand (2018) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Losser | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.970 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 41,55 km² dêrfan lân: 41,34 km² dêrfan wetter: 0,21 km² | |
Befolkingsticht. | 96 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A1, N735 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 18' NB, 6° 59' EL | |
Kaart | ||
De buorskip De Lutte dêr’t it hjoeddeiske doarp út ûntstien is, hearde foar 1811 ta it rjochteramt Oldenzaal. It buorskip wie ferdield yn fjouwer parten: de Roder-, Hengeler-, Molter- en Elfterheurne. Yn de Elfterheurne lei destiids de Monnikenhôf. Dizze hôf, dy't al yn 'e tsiende iuw neamd waard, hearde ta de abdij fan Werden. De pleatsen fan dat hôf, oarspronklik hast tritich yn getal, wiene yn it gebiet tusken Twekkelo yn it suden en Gölenkamp yn de hjoeddeiske Greefskip Bentheim yn it noarden.
De Lutte leit oan de A1 en it spoar fan Almelo nei Salzbergen. It doarp hat lykwols gjin treinstasjon. It doarp stiet fierder bekend om natuer- en rekreaasjegebiet it Lutterzand, dêr't de earste seleksje fan AFC Ajax al sûnt 1974 in jierliks trainingskamp hâldt, by it hotel De Bloemenbeek. It rivierke de Dinkel hat yn it Lutterzand syn natuerlike karakter behâlde mocht. Tichtby De Lutte lizze ek it arboretum Poort Bulten en de âlde grinsoergong by buorskip De Poppe. Yn de buert fan De Lutte leit de Tankenberch, de heechste heuvel (85 m) yn de provinsje Oerisel.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.