Dútsk idealisme
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Dútske idealisme is in filosofyske streaming út de skiednis fan de moderne filosofy. De streaming is ûntstien yn Dútslân yn de lette 18e en iere 19e iuw. It Dútske idealisme is nau ferbûn mei de Romantyk en mei de revolúsjonêre ideeën fan de Ferljochting en hat syn oarsprong by Hegel, dy't sadwaande de filosofy fan Immanuel Kant fierder ûntjaan woe. Oare belangrike fertsjintwurdigers binne de filosofen Fichte en Schelling, Jacobi, Reinhold en de teolooch Schleiermacher.