Critzum
From Wikipedia, the free encyclopedia
Critzum is in doarpke yn de gemeente Jemgum yn de Nedersaksyske lânkring Lier, East-Fryslân.
Fluch de feiten
Critzum | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Jemgum | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 158 (2015) | |
Oerflak | 6,97 km² | |
Befolkingsticht. | 23 ynw./km² | |
Hichte | 1 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 26844 | |
Koördinaten | 53° 17' 24" N 7° 21' 29" E |
Slute
Critzum is in sirkelfoarmich terpdoarp dat likernôch oan it begjin fan de jiertelling oan de Iems foar it earst bewenne waard. De protestantske wartsjerke fan Critzum yn it sintrum wurdt foar in part ek hjoed-de-dei noch troch in brede grêft omklamme.
Sûnt de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen fan 1 jannewaris 1973 heart Critzum by de gemeente Jemgum. It doarp leit tusken Midlum en Hatzum en hat in sterk agrarysk karakter.