From Wikipedia, the free encyclopedia
In bôgekonstruksje is in oerspanning yn in bûgde foarm, dy't in frije konstruksje oplevert tusken twa steunpunten. Faak is de bôge útfierd yn natuerstien en/of bakstien en binne de stienen fan de bôge keggefoarmich. Yn it krêftenspel jildt foar de meast brûkte bôgefoarmen: nammerste leger de bôge (de saneamde stek), nammerste grutter de sydwertse krêften (spatkrêften). In ferwulf is op te fetsjen as in trijediminsjonale tapassing fan in bôgekonstruksje. Yn de boukunde wurdt in bôge faak tapast, omdat it fan natuere in sterke konstruksje foarmet. Yn it ferline wie in bôgekonstruksje faak de ienige manier om grutte romtes te oerspannen, en der dêrnei wer boppe-op te bouwen. Pas sûnt de útfining fan de bôge as draachkonstruksje koenen gebouwen as katedralen boud wurde.
In alternatyf foar de bôge is de latei, in ynmitsele draachstien of draachbalke. Sûnt de útfining fan it wapene en foarspande beton wurdt de bôge net folle mear brûkt.
Romaanse bôgen binne sirkelfoarmich. Yn Europa wurde dizze bôgen útsein yn tsjerken en in soad oantroffen yn brêgen. Yn de goatyk waarden spitsbôgen tapast, it foar fan de spitsbôge mei de rûnbôge is ûnder mear de fariabel ferhâlding tusken hichte en oerspanning.
De Spaanske arsjitekt Antoni Gaudí (1852-1926), in grûnlizzer fan de organyske arsjitektuer, brûkte spesjale foarmen fan bôgen. Om te bepalen oft dizzen sterk genôch wiene, makke hy in skealmodel fan de bôge mei toutsjes, de shjitten kettingline. Dit model hong op syn kop. Mei gewichten simulearre Gaudí de krêften dy't op de bôgen wurkjen gean soenen. Hjirmei gie de toubôge út himsels yn de juste, stabile foarm hingjen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.