Brief oan de Kolossers
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Brief oan de Kolossers, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Κολοσσαεις, Epistoli pros Kolossaeis, ek wol koartwei Kolossers neamd, is it tolfde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de sânde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus.
Brief oan de Kolossers | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή προς Κολοσσαεις ("Epistoli pros Kolossaeis") | |
auteur | Paulus (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 54 – 63 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief oan de Filippiërs | |
● folgjend diel | Earste Brief oan de Tessalonikers | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief oan de Kolossers | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, wurdt troch guon bibelwittenskippers en teologen yn 'e kiif steld, mar troch oaren fûleindich ferdigene. Yn it brief wurdt fernijd dat Paulus yn it tichthús siet doe't er dit brief skreau, krekt as by Efeziërs, Filippiërs en Filémon. Dy fjouwer brieven wurde sadwaande ek wol de Finzenskipsbrieven neamd. Sadwaande kin Kolossers, as it teminsten in autentyk brief fan Paulus is, skreaun wêze doe't de apostel fêstholden waard yn Efeze (54-57), yn Sesareä (58-61) of yn Rome (61-63). Der wurdt tocht dat dat lêste it meast yn 'e reden leit.
Kolossers is skreaun oan 'e kristlike gemeente yn it Frygyske Kolosse, in lyts stedsje yn it súdwestlike binnenlân fan Lyts-Aazje, dat bekendstie om syn wol-yndustry. De oanlieding foar it skriuwen fan dit brief wie in dwaallear dy't ûnder de Kolossyske kristenen gie, wêrby't kristlike en heidenske leauwenseleminten trochinoar mjukse waarden. De earste folsleine Fryske oersetting fan Kolossers stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.