From Wikipedia, the free encyclopedia
In boarplatfoarm of boareilân is in grut bouwurk dat tarist is om yn 'e seeboaiem nei ierdoalje en/of ierdgas te sykjen en boarjen, it op te pompen, op te slaan en te ferwurkjen. It heart ta de offshoretechnyk. Der bestiet ûnderskie tusken in eigentlik boarplatfoarm, dat in ierdoalje- of ierdgasboarne siket en oanboarret, en in produksjeplatfoarm dat dêrnei ynset wurdt foar de ekploitaasje fan sa'n boarne. Lytsere boarplatfoarmen, dy't ek wol well protectors (boarnebeskermers) of satelliten neamd wurde, binne ornaris ûnbemanne. Gruttere boarplatfoarmen hawwe yn 'e regel in bemanning fan tusken de 100 en 200 man. Boarplatfoarmen komme almeast foar yn 'e ûndjippe seeën fan it kontinintaal plat foar de kust fan eilannen of fan it kontinintaal fêstelân, mar se kinne ek brûkt wurde yn marren, oarre binnenwetters en yn binnenseeën.
Gebieten dêr't by útstek in protte boarplatfoarmen brûkt wurde, binne:
Der besteane ferskate soarten boarplatfoarmen. It wichtichste ûnderskie wurdt makke tusken fêste en driuwende platfoarmen. Fêste platfoarmen rêste op 'e seeboaiem troch in konstruksje fan stiel en beton. Soks is lykwols yn djipper wetter ûnwurkber. Dêr wurde boarskippen of healôfsinkbere boarplatfoarmen brûkt, dy't mei ankers of troch gebrûk fan in dynamic positioningsysteem op har plak holden wurde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.