Bitterfûgels
From Wikipedia, the free encyclopedia
De bitterfûgels (Latynske namme: Afroaves) foarmje in pas yn 2012 definiëarre en dêrom noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e lânfûgels (Telluraves). Ta dizze groep hearre 9 skiften fûgels, wêrûnder de rôffûgels (Accipitriformes), de ûle-eftigen (Strigiformes), de spjochteftigen (Piciformes), de rôldereftigen (Coraciiformes), lykas de iisfûgel, en de noch mar koartby as selsstannich skift erkende giereftigen fan de Nije Wrâld (Cathartiformes), lykas de Kalifornyske kondor.
Fluch de feiten
Bitterfûgels | ||
In snie-ûle (Bubo scandiacus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
sûnder rang: | lânfûgels (Telluraves) | |
sûnder rang: | bitterfûgels (Afroaves) | |
Ericson, 2012 | ||
Slute