From Wikipedia, the free encyclopedia
It Bisdom Lolland-Falster (Deensk: Lolland-Falster Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, dêr't tsien fan yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
It bisdom ûntstie yn 1803 troch ôfskieding fan it bisdom Fún.
De domtsjerke fan it bisdom is de oarspronklik oan Marije en Sint-Birgitta wijde tsjerke yn Maribo.
Yn 2023 wiene fan 'e 100.620 ynwenners yn it bisdom 80.874 lid fan 'e Deenske Folkstsjerke. Dat is 80,4% fan 'e befolking.[1]
It bisdom is te ferdielen yn fjouwer proasdijen (provstis), dêr't 94 parochy's (sogns) mei 108 tsjerken ûnder falle. De fjouwer proasdijen binne:
|
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.