Bill O'Reilly
From Wikipedia, the free encyclopedia
William James O'Reilly jr. (New York (New York) 10 septimber 1949) is in Amerikaanske sjoernalist, skriuwer, konservatyf polityk kommentator en eardere tillefyzjepresintator. Yn de lettere 1970-er en de 1980-er jierren wie er in ferslachjouwer foar pleatslike tillefyzjestjoerders yn de Feriene Steaten, en letter foar CBS News en ABC News. Hy wie de presintator fan it tabloid-programma Inside Edition fan 1989 oant 1995. O'Reilly kaam op keabeltillefyzje by de nijsstjoerder Fox News yn 1996 en wie de presintator fan The O'Reilly Factor oant 2017. Dat programma waard it meast besjoene programma op keabeltillefyzje foar 16 jier lang. Hy wie de presintator fan syn radioprogramma The Radio Factor fan 2002 oant 2009 en is in skriuwer fan ferskate boeken.
Bill O'Reilly | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | William James O'Reilly jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 septimber 1949 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Iersk Ingelsk Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | radiokommentator tillefyzjekommentator skriuwer | |
medium | radio, tillefyzje | |
jierren aktyf | 1973 – hjoed-de-dei | |
offisjele webside | ||
billoreilly.com |
O'Reilly syn karriêre yn de media rekke yn it neigean nei't in ûndersyk fan The New York Times sjen liet dat er seis froulju krapoan $50 miljoen betelle hie foar skikkings oangeande seksuële yntimidaasjes. Nei't The New York Times sjen liet dat O'Reilly en Fox News skikkings fan $13 miljoen dien hiene foar fiif rjochtsaken oangeande seksuële yntimidaasje joech Fox News O'Reilly yn april 2017 dien. Hy sette dêrnei útein mei in podcast, No Spin News.