Fox News
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fox News, offisjeel Fox News Channel, ôfkoarte ta FNC en ornaris bekend as Fox, is in Amerikaanske Ingelsktalige multynasjonale konservative nijsstjoerder, dy't útstjoerd oer de keabeltillefyzje en syn haadkertier yn New York hat. Hy is eigendom fan Fox News Media, dat op syn bar eigendom is fan de Fox Corporation. De stjoerder stjoert benammen fan syn studio oan 1211 Avenue of the Americas yn Midtown Manhattan út. Fox News wurdt ûntfongen yn 86 lannen en gebietsdielen.
Fox News Channel | |
---|---|
medium | • tillefyzje • radio |
nasjonaliteit | Amerikaansk |
taal | Ingelsk |
oprjochte | 1996 |
haadkertier | New York (New York) |
ûntfangstgeb. | • Feriene Steaten • Kanada |
eigner | Fox News Media (Fox Corporation) |
webside | www.foxnews.com |
- Dizze side giet oer de rjochtse nijsstjoerder. Foar de algemiene Amerikaanske tillefyzjestjoerder, sjoch: Fox Broadcasting Company.
De stjoerder waard stifte troch de Australyske mediamagnaat Rupert Murdoch en wie ornearre foar in konservatyf publyk. De konservatyf Roger Ailes waard algemien direkteur. De stjoerder sette útein op 7 oktober 1996 en waard ûntfongen troch 17 miljoen keabelklanten. Oan de ein fan de 1990-er jierren en de 2000-er jierren woeks Fox News út ta it grutste nijsnetwurk yn de Feriene Steaten. Yn 2019 hie it in trochsneed 2,5 miljoen sjoggers. Hjoed-de-dei is Lachlan Murdoch de útfierend direkteur en Suzanne Scott de algemien direkteur.
Fox News wurdt sjoen as in rjochtse stjoerder dy't ferslach docht yn de geunst fan de Republikeinske Partij, syn politisy en de konservative beweging yn de Feriene Steaten, wylst it him negatyf útlit oer de Demokratyske Partij en progressive politisy. Fox News seit dat syn ferslachjouwing neutraal is en ûnôfhinklik fan de politike kommentatoaren is. Eardere wurknimmers hawwe lykwols oanjûn dat it nijsferslach ferdraaid waard yn de geunst fan de konservativen. Yn it tiidrek fan it regear fan presidint Donald Trump waard der waarnommen dat Fox News as in "sprekbuis" en "propaganda" foar it regear fan Trump tsjinne, en gelearden fûnen dat de stjoerder op in soarte fan steatsstjoerder like.