Berjocht:In dei yn de histoarje/6 desimber
Wikimedia-berjocht / From Wikipedia, the free encyclopedia
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/14/Transvaal_map.png/640px-Transvaal_map.png)
- 1196 - Hollân en Fryslân wurde teheistere troch de Sint-Nikolaasfloed. It risseltaat fan dizze stoarm wie in ôfslach fan de feangebieten yn West-Fryslân en in fergrutting fan de Waadsee en de Sudersee.
- 1801 - Berne: Sterke Jerke, de bynamme fan Hearke Tjerks Witteveen. Sterke Jerke libbe it grutste part fan syn libben yn Droegeham.
- 1877 - Thomas Edison makket de earste lûdsopname.
- 1906 - De Britske oerheid ferlient selsbestjoer oan de eardere boererepublyk Transfaal.
- 1917 - Finlân ferklearret him ûnôfhinklik fan Ruslân.
- 1957 - It earste besykjen fan de Feriene Steaten om in keunstmoanne te lansearjen mislearret, dêr't it lansearplatfoarm by opblaasd wurdt.