Battle for the Planet of the Apes
From Wikipedia, the free encyclopedia
Battle for the Planet of the Apes is in Amerikaanske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aventoerefilm út 1973 ûnder rezjy fan J. Lee Thompson, mei yn 'e haadrollen Roddy McDowall en Claude Atkins. De titel betsjut "Striid om 'e Planeet fan 'e Apen". De film is it fyfde diel yn 'e Planet of the Apes-filmsearje en folget as sadanich op Conquest of the Planet of the Apes út 1972. It ferhaal folget de yntelliginte en pratende sjimpansee Caesar by it opsetten fan in beskaving fan minskapen, dy't de minsklike dominânsje oer de Ierde ferfange moat. Dêrby kriget er te meitsjen mei sawol ferset fan 'e oerlibjende minsken, as mei ûndermining fan syn gesach troch de ekstremistyske gorillageneraal Aldo.
Battle for the Planet of the Apes | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | J. Lee Thompson | |
produsint | Arthur P. Jacobs | |
senario | John William Corrington Joyce Hooper Corrington Paul Dehn | |
kamerarezjy | Richard H. Kline | |
muzyk | Leonard Rosenman | |
filmstudio | 20th Century Fox APJAC Productions | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Roddy McDowall Claude Atkins | |
byrollen | Natalie Trundy Severn Darden Paul Williams Austin Stoker Lew Ayres John Huston | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 13 juny 1973 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 93 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $1,7 miljoen | |
opbringst | $8,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Planet of the Apes | |
● foarich diel | Conquest of the Planet of the Apes | |
● folgjend diel | Planet of the Apes (remake) |
Battle for the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film wie it lêste diel yn 'e oarspronklike Planet of the Apes-filmsearje út 'e 1960-er en 1970-er jierren. De earstfolgjende film dy't yn it ramt fan 'e mediafranchise makke waard, wie Planet of the Apes út 2001, in remake fan Planet of the Apes út 1968. De twadde film fan 'e Planet of the Apes-rebootfilmsearje út 'e 2010-er jierren, Dawn of the Planet of the Apes, hat itselde útgongspunt as Battle for the Planet of the Earth, mar mei offisjeel gjin remake hjitte.