From Wikipedia, the free encyclopedia
Bath is in stêd (city) yn it distrikt Bath en Noard East Somerset, yn it Ingelske greefskip Somerset.
Bath | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
regio | Súdwest-Ingelân | |
greefskip | Somerset | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 101.557 (2021)[1] | |
Oerflak | 29 km² | |
Hichte | maks. 238 m | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC) | |
Koördinaten | 51° 22' N 2° 21' E | |
Offisjele webside | ||
Side Wells | ||
Kaart | ||
De stêd leit oan de rivier de Avon en is in drok besocht toeristeplak yn Ingelân.
Al yn de Romeinske tiid (60er jierren fan de 1e iuw) luts de stêd in protte minsken fanwege de genêskrêftige waarme boarnen; Aquae Sulis ('de wetters fan Sulis'). In timpel en termen út dy tiid binne foar in part bewarre bleaun. Edgar fan Ingelân waard kroane yn de abdijtsjerke fan Bath yn 973. Yn de 18e iuw waard Bath in modern baaiplak, mei in protte oanrin fan it begoedige diel fan de befolking. Beau Nash, de dandy, mocht dêr graach wêze.
De stêd is omjûn fan hichten. In protte gebouwen binne oplutsen út in witige lokale stiensoarte, de saneamde 'Bath stone'. De elegante 18e-iuwske Georgiaanske boustyl oerhearsket.
De stêd hat syn namme jûn oan in bisdom (Bath and Wells), mar de katedraal stiet yn Wells.
Sûnt 1987 stiet Bath op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.[2] Yn 2009 waard der rekkening mei holden dat de erfgoedstatus ynlutsen wurde soe fanwege in wenningbouprojekt fan goed 2000 wenten. De kommissy besleat nei in besite oan de stêd om de status te hanthavenjen.[3]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.