Remove ads

Auke Hettema (Ljouwert, 7 desimber 1927 - Amsterdam, 19 maaie 2004) wie in Frysk byldhouwer.

Thumb
Hettema (l.) en Hans IJdo by de Prix de Rome 1951
Thumb
Alvestêderider, Ljouwert

Libben en wurk

Hettema studearre fan 1947 ôf, tagelyk mei syn twillingbroer Renze Hettema, byldhoukeunst by ûnder oaren heechlearaar Piet Esser oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam, de stêd dêr't er syn hiele libben wenje bleau.

Hettema behearde ta de generaasje Nederlânske byldhouwers dy't nei de Twadde Wrâldkriich harren karriêre út ein setten mei it meitsjen fan oarlochs- en fersetsmonuminten. In foarbyld dêrfan is it fersetsmonumint yn de Prinsetún y Ljouwert.

Yn 1951 waard de Prix de Rome oan Hettema takend.

Remove ads

Wurken in Fryslân

Ljouwert

  • Wol forbûke net forslein, oarlochsmonumint (1955), Prinsetún
  • Iisfretter of Alvestêderider (1966), Heliconwei
  • It Fryske Hynder (1981), Nijstêd

Fotogalery

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Auke Hettema fan Wikimedia Commons.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads