From Wikipedia, the free encyclopedia
Apen (wittenskiplike namme: Simiiformes, soms ek wol Anthropoidea) binne in tuskenskift fan it ûnderskift fan de drûchnoazigen (Haplorhini). Wol ta de drûchnoazigen, mar net ta de apen, hearre de spûkdieren, dy´t sadwaande beskôge wurde as de nauste sib fan de apen. Yn 'e mande mei de spûkdieren foarmje de apen it ûnderskift fan de drûchnoazigen. Alle primaten dy't net by it ûnderskift fan de drûchnoazigen hearre, wurde healapen of wietnoazigen neamd.
Apen | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | primaten (Primates) | |
ûnderskift: | drûchnoazigen (Haplorhini) | |
tuskenskift: | apen (Simiiformes) | |
Haeckel, 1866 | ||
Doe´t de apen yn de 19e iuw beskreaun waarden, wie der gjin ûnderskift fan drûchnoazigen. De apen waarden doe sjoen as in drekt tuskenskift fan de primaten, en de spûkdieren waarden sjoen as in ûnderdiel fan de healapen. Yn de 20e iuw waard lykwols it sibskip dúdliker, wat oanlieding wie foar it ûnderskift fan de drûchnoazigen.
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.