From Wikipedia, the free encyclopedia
Amy Macdonald (Glasgow, 25 augustus 1987) is in sjongster út Skotlân. Har debútalbum This Is the Life kaam yn Grut-Brittanje binnen op it twadde plak en yn Skotlân op it earste plak. Ek berikte dit album yn fjouwer dagen tiid dêr de goudene status. Ek yn Nederlân brocht it album inkele wiken yn de top 10 troch.
Amy Macdonald | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Amy Macdonald yn 2010 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 25 augustus 1987 | |
berteplak | Glasgow | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, pop, folk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar, keyboard | |
jierren aktyf | 2007 - no | |
offisjele webside | ||
http://www.amymacdonald.co.uk/ |
Sy hie yn Nederlân in hit mei de single This is the Life. Har plaatsjes binne ek geregeldwei te hearren by Omrop Fryslân. Har eardere hit wie Mr. Rock and Roll.
Amy stiet al fan har fyftjinde ôf op it poadium mei akoestyske optredens. Har muzyk wurdt ûnder oare beynfloede troch Travis en The Libertines. Se hie in platekontrakt mei Vertigo en is ferloofd mei fuotballer Steve Lovell.
Yn Nederlân joech sy optredens yn ít foarprogramma fan Paul Weller (2007) en yn de boppeseal fan Paradiso (3 maart 2008). Op 31 maaie 2008 wie sy ek op Pinkpop oanwêzich, krekt as yn augustus op Lowlands. Yn de telefyzjeútstjoering "Mooi! Weer de Leeuw" op 13 septimber 2008 trede sy op mei it nûmer "Mr. Rock 'n Roll".
Op 1 maart 2010 kaam de nijee single "Don't Tell Me That It's Over" út, de earste single fan har tweede album A Curious Thing (2010). Har tredde album, Life in a Beautiful Light, kaam yn 2012 út. Sawol yn Antwerpen as yn Rotterdam die hja mei oan de Night of the Proms 2013.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.