American Pie Presents: Band Camp
film út 2005 fan Steve Rash / From Wikipedia, the free encyclopedia
American Pie Presents: Band Camp, ek bekend as American Pie: Band Camp, is in Amerikaanske komeedzjefilm fan it gross-out-type út 2005.[1][2][3] It wie de fjirde film fan 'e American Pie-filmsearje en de earste fan 'e fjouwer American Pie Presents-spin-offs.[2] American Pie Presents: Band Camp waard regissearre troch Steve Rash nei in senario skreaun troch Brad Riddell.[1] De plot draait om Matt Stifler, de jongere broer fan Steve Stifler út 'e oarspronklike trije American Pie-films, dy't om syn kweajongesstreken ôf te learen nei in simmerkamp foar leden fan skoalmuzykkorpsen stjoerd wurdt.[3] De haadrollen waarden fertolke troch Tad Hilgenbrink en Arielle Kebbel.[1][2][3] American Pie Presents: Band Camp draaide nea yn 'e bioskoop, mar waard ynstee daliks útbrocht op fideo en dvd.[1][2]
American Pie Presents: Band Camp | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Steve Rash[1] | |
produsint | Mike Elliott[1] | |
senario | Brad Riddell[1] | |
kamerarezjy | Victor J. Kemper[1] | |
muzyk | Robert Folk[1] | |
filmstudio | Rogue Pictures[1] | |
distribúsje | Universal Pictures[1] | |
spilers | ||
haadrollen | Tad Hilgenbrink Arielle Kebbel[1] | |
byrollen | Eugene Levy Crystle Lightning Matt Barr Jason Earles Omar Benson Stiller Angela Little[1] | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten[1] | |
premiêre | gjint (útbr. 31 okt. 2005)[1] | |
foarm | langspylfilm[1] | |
sjenre | gross-out-komeedzjefilm[1] | |
taal | Ingelsk[1] | |
spyltiid | 91 minuten (sinsurearre)[1] 94 minuten (útwreide)[1] | |
budget en resultaten | ||
budget | $7 miljoen[1] | |
opbringst | ûnbekend | |
filmsearje | ||
filmsearje | American Pie Presents | |
● folgjend diel | American Pie Presents: The Naked Mile |