From Wikipedia, the free encyclopedia
Alteveer is in streekdoarp yn de gemeente Stedskanaal yn de Nederlânske provinsje Grinslân. In part fan de westkant fan Alteveer leit yn de gemeente Pekela. It doarp leit tusken Onstwedde en Nieuwe Pekela en oan wjerskanten fan de N365 en njonken de N366.
Alteveer (Stedskanaal) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Stedskanaal Pekela | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.155[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N365 N366 | |
Postkoade | 9661 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 3' NB, 6° 60' EL | |
Kaart | ||
De namme Alteveer betsjut yn it Nederlânsk al te ver (al te fier) om't it doarp in feankoloanje oan de ein fan de wikestelsel fan de Pekel A lei.[2]
It plak wurdt ek wol Tange-Alteveer neamd, in gearfoeging fan de twa buorskippen Tange en Alteveer. Tange is in âlder sândoarp en lei eastlik op in morene, in ferheging dy't yn de foarlêste iistiid ûtstien is. It wurd tange wurdt yn Westerwâlde ornaris brûkt foar in ferheging yn it omlizzende fean. Alteveer is in lintdoarp en lei westlik dat as feankoloanje bylâns it Alteveerkanaal ûntstien is oan de ein fan de njoggentjinde iuw. It doarp ûntstie yn it begjin fan de tweintichste iuw en lei oan de ein fan in feanoanmakkerij. It gebiet waard út Nieuwe Pekela wei oanmakke. Oan de ferbiningsdyk tusken Nieuwe Pekela en Onstwedde ûntstie in lintdoarp. Fan dy ûntginningsas ôf ûntstie de planmjittige ferkaveling.
Tange-Alteveer hie lykas in soad feanterijdoarpen in soad earmoede. In soad bewenners wennen yn spitketen. De lêste waard oant 1941 bewenne en waard nei it ferstjerren fan de lêste bewenster nei it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim oerbrocht.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.