Aleksander III fan Skotlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Aleksander III (Ingelsk en Skotsk: Alexander III, Skotsk-Gaelysk: Alasdair mac Alasdair; Roxburgh, 4 septimber 1241 – Kinghorn, 19 maart 1286) wie kening fan Skotlân fan 1249 oant syn hommels ferstjerren yn 1286. Hy brocht syn lân yn 'e ûnlijige Midsiuwen in perioade fan stabiliteit, mar trochdat er stoar sûnder manlike en folwoeksen erfgenamten, ûntstie der yn it Keninkryk Skotlân neitiid in machtsfakuüm dat late ta de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen mei Ingelân.
Fluch de feiten
Aleksander III fan Skotlân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
De kroaning fan Aleksander III te Scone. Hy wurdt tasprutsen troch de ollamh rígh, de hofdichter, dy't "Benach De Re Albanne" seit (yn geef Skotsk-Gaelysk: Beannachd Dè Rìgh Alban, "God Seinge de Kening fan Skotlân"). Njonken de kening steane syn frou, Margareta fan Ingelân, en Malcolm II, greve fan Fife, dy't syn swurd fêsthâldt. | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 4 septimber 1241 | |
berteplak | Roxburgh (Skotlân) | |
stjerdatum | 19 maart 1286 | |
stjerplak | Kinghorn (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Dunkeld (of Canmore) | |
etnisiteit | Skotsk Flaamsk Frânsk Ingelsk Normandysk | |
kening fan Skotlân | ||
regear | 1249 – 1286 | |
foargonger | Aleksander II | |
opfolger | Margareta |
Slute