From Wikipedia, the free encyclopedia
Aldlân wie oant 2018 in wyk fan Ljouwert mei in oerflakte fan 131 ha. en sa'n 6300 ynwenners (2008). Yn 2018 waard Aldlân gearfoege mei De Himrik (Bedriuweterrein-East) ta de wyk Aldlân-De Himrik. De wyk bestiet út Aldlân-West en Aldlân-East, mei dêr tuskenyn de Drachtsterwei.
De wyk neist Aldlân hjit Nijlân. Dit hat noch te krijen mei de Middelsee, dêr't it 'Aldlân', it âlde lân by is en it 'Nijlân', it nei de ôfsluting fan de Middelsee ûntstiene lân.
De wichtichste dyk dy't troch de wyk rint hjit yn Aldlân-West de Weidefloara, en yn Aldlân-East de Stinzefloara. De oare strjitten yn de dielen fan de wyk hawwe ek de nammen fan planten en gerssoarten dy't yn greiden groeie: (Raaigras, Kamgras, Beemdgras, ensfh.) en by (eardere) stinzen: (Zenegroen, Lenteklokje, ensfh.).
De bou fan de wyk begûn om 1972 hinne. De wyk rint yn it noarden oant de Aldlânsdyk, yn it easten oant de Wide Greons, yn it suden oant it Van Harinxmakanaal, en yn it westen oant de Oeriselskewei.
Yn Aldlân-West stiet ek de iepenbiere middelbere skoalle Piter Jelles Aldlân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.