Albatros D.III
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Albatros D.III wie in ienpersoans dûbeldekkerske jachtfleanmasine út de Earste Wrâldoarloch, dy't brûkt waard troch de loftmachten fan Dútslân, Eastenryk-Hongarije en it Turksk-Osmaanske Ryk, makke troch de Albatros-Flugzeugwerke. Hy waard desimber 1916 yntrodusearre. In protte azen fan de Dútske loftmacht hawwe dit tastel flein, ûnder oaren Manfred von Richthofen, Eric Lowenhardt, Kurt Wolfe en Karl Emil Schaeffer. By de Eastenryksk-Hongaarske loftmacht, dêr Oeffag D.III neamd, behelle Frank Linke-Crawford syn oerwinnings mei in Albatros D.III.