From Wikipedia, the free encyclopedia
Abovjan (Armeensk: Աբովյան) is in stêd yn 'e Armeenske provinsje Kotajk. De stêd leit 10 kilometer noardeastlik fan 'e haadstêd Jerevan op in hichte fan likernôch 1.450 meter boppe seenivo.
Abovjan Աբովյան | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
Provinsje | Kotajk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 35.400 (2016) | |
Oerflak | 11 km² | |
Befolkingsticht. | ± 2.300 / km² | |
Hichte | 1.450 m | |
Oar | ||
Stifting | 1963 | |
Tiidsône | GMT+4 (UTC+4) | |
Simmertiid | GMT+5 (UTC+5) | |
Koördinaten | 40°16'NB, 44°37'EL | |
Offisjele webside | ||
Offisjele side | ||
Kaart | ||
Abovjan is neffens ynwennertal de op fjouwer nei grutste stêd fan it lân (sinsus 2011). De stêd hat goede ferbinings mei Jerevan en wurdt as noardlike tagongspoarte en foarstêd beskôge fan Jerevan.
De stêd ûnstie yn 'e jierren 1960, doe't it doarp Elar omdoopt waard ta Abovjan. Op it plato tusken de rivieren Hrazdan en Azat waard yn 'e jierren 1962-1963 de moderne stêd situearre, dy't him ûntwikkele ta in yndustrieel sintrum yn 'e Armeenske Sosjialistyske Sovjetrepublyk. De stêd is ferneamd nei de ferneamde Armeenske skriuwer Chatsjatûr Abovjan.
Nei it útienfallen fan 'e Sovjet-Uny sakke it ynwennertal. Yn 1989 telde de stêd noch 59.000 ynwenners, yn 2009 wiene dat noch mar 36.000. In offisjele rûzing yn 2016 gyng út fan in ynwennertal fan likernôch 35.400.
Mear as 90% fan 'e befolking bestiet út etnyske Armeenjers. Hja stamme benammen ôf fan Armeenjers út de diaspora, dy't yn de jierren 1960 út Syrje, Iran en Libanon ferhûzen nei Armeenje en harren yn 'e nije stêd nei wenjen setten.
Fierder wenje der lytse minderheden fan Koerden, Jezidy's, Russen en Assyriërs.
Jier | 1873 | 1897 | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1973 | 1976 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 360 | 548 | 897 | 1.024 | 2.289 | 14.700 | 28.500 | 38.400 |
Jier | 1989 | 2001 | 2011 | 2016 | ||||
Ynwenners | 58.671 | 44.596 | 43.495 | 35.400 | ||||
(De sifers tusken 1873 en 1959 geane oer it tal ynwenners fan it eardere doarp Elar, dat tsjintwurdich ûnderdiel foarmet fan Abovjan.)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abovjan fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.