Abolisjonisme
From Wikipedia, the free encyclopedia
Abolisjonisme (fan it Latynske abolitio, "ferneatiging"), of de abolisjonistyske beweging, is de beweging dy't in ein te meitsje wol oan slavernij en slaven oer de hiele wrâld te befrijen.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/21/Biard_Abolition_de_l%27esclavage_1849.jpg/640px-Biard_Abolition_de_l%27esclavage_1849.jpg)
(skilderij fan Auguste François Biard, 1849)
It earste lân dat slavernij folslein ferbea wie Frankryk yn 1315, mar it waard letter wol brûkt yn syn koloanjes. Troch tadwaan fan Toyotomi Hideyoshi is slavernij sûnt 1590 yn hiel Japan ôfskaft, hoewol 't der yn de Twadde Wrâldoarloch noch oare foarmen fan twangarbeid brûkt waarden. It earste en iennichste lân dat himsels befrijde fan slavernij wie in eardere Frânske koloanje, Haïti, as gefolch fan de Haïtiaanske Revolúsje fan 1791-1804.
De Britske abolisjonistyske beweging begûn oan 'e ein fan 'e 18e iuw en de Saak Somersett út 1772 stelde fêst dat slavernij net bestie yn 'e Ingelske wet. Yn 1807 waard de slavehannel yn it hiele Britske Ryk ferbean, hoewol 't besteande slaven yn Britske koloanjes earst mei de Slavery Abolition Act yn 1833 befrijd waarden. Vermont wie de earste steat yn Amearika dy 't yn 1777 de slavernij ôfskafte. Yn 1804 hiene de oare noardlike steaten de slavernij ôfskaft, mar yn 'e súdlike steaten bleau slavernij legaal. Yn 1808 ferbea de Feriene Steaten de ynfier fan slaven, mar pas yn 1865 waard slavernij folslein ferbean.
Yn East-Europa organisearren groepen harren tusken 1843 en 1855 om de slavernij fan de Roma yn Walachije en Moldavië ôf te skaffen en yn 1861 om de hearrigen yn Ruslân te emansipearjen. De Feriene Steaten keurden yn desimber 1865 it 13e Amendemint goed, nei 't se krekt in bluodrige Boargeroarloch útfochten hiene, dêr 't in ein mei kaam oan de slavernij "útsein as straf foar misdied". Yn 1888 waard Brazilië it lêste lân op it Amerikaanske kontinint dat slavernij ferbea. Doe 't it Japanske Ryk fan de ein fan de 19e iuw ôf Aziatyske lannen anneksearre, waarden argayske ynstellings, dêrûnder slavernij, yn dy lannen ôfskaft.
Nei iuwen fan striid waard slavernij yn 1948 lang om let yllegaal ferklearre ûnder de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske fan de Feriene Naasjes. Mauritanië wie it lêste lân dat slavernij offisjeel ôfskafte, mei in presidinsjeel dekreet yn 1981. [1] Tsjintwurdich binne slavernij en twangarbeid foar bern en folwoeksenen yn hast alle lannen yllegaal en ek yn striid mei ynternasjonale wetjouwing, mar minskehannel foar arbeid en seksuele slavernij rekket noch hieltyd tsientallen miljoenen folwoeksenen en bern.