1492 is in skrikkeljier dat begjint mei in snein. (Juliaanske kalinder foar 1492.)
Iuwen: | 10e | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e iuw | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e |
Jierren: | 1487 | 1488 | 1489 | 1490 | 1491 | 1492 | 1493 | 1494 | 1495 | 1496 | 1497 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder | 1492 MCDXCII |
Ab urbe condita | 2245 |
Armeenske kalinder | 941 ԹՎ ՋԽԱ |
Etiopyske kalinder | 1484 – 1485 |
Hebriuwske kalinder | 5252 – 5253 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1547 – 1548 |
- Shaka Samvat | 1414 – 1415 |
- Kali Yuga | 4593 – 4594 |
Iraanske kalinder | 870 – 871 |
Islamityske kalinder | 897 – 897 |
Juliaanske kalinder |
1492 MCDXCII |
Sineeske kalinder | 4188 – 4189 戊亥 – 己子 |
Foarfallen
- 2 jannewaris - Mohammed XII Abû Abdalla, bekend as Boäbdil, de lêste emir fan Granada, jout syn stêd nei in lang belis oer oan 'e legers fan it keningspear Ferdinand II fan Aragon en Isabella I fan Kastylje.
- 31 maart - Ferdinand II fan Aragon en Isabella I fan Kastylje ûndertekenje it Ferdriuwingsedikt, wêryn't de Joaden kieze moatte tusken bekearing ta it kristendom en ferdriuwing út 'e Spaanske keninkriken.
- 25 juny - De Helmichbrân leit suver hiel Oldenseal yn 'e jiske.
- 26 juny - Antoine de Ville, in Frânsk ofsier, beklimt yn opdracht fan kening Karel VIII de Mont Aiguille, in berch yn Frankryk. Dit wurdt algemien beskôge as de berte fan it alpinisme.
- 3 augustus - De Genueeske ûntdekkingsreizger Kristoffel Kolumbus set ôf út Spanje om Ynje fia in westlike rûte te finen.
- 10 oktober - Yn 'e Slach by Barrahûs (by Barrahûs, ûnder Wurdum) wurde de Skieringers fan haadling Bocka Harinxma ferslein troch de Fetkeapers fan Ljouwert en harren bûnsgenoaten, de Grinzers.
- 12 oktober - Kolumbus lânet op in net mei wissichheid identifisearre eilân yn 'e Bahama's, dat troch de lânseigen befolking Guanahaní neamd wurdt, mar dat er sels de namme San Salvador jout. Hjirmei is de ûntdekking fan Amearika (of eins de werûntdekking) in feit.
- 27 oktober - Kolumbus ûntdekt Kuba.
- 5 desimber - Kolumbus ûntdekt Hispanjoala. Dit feit wurdt bytiden beskôge as de 'ein fan de Midsiuwen'.
- 27 septimber - De Jouster Merke wurdt foar de earste kear holden.
- sûnder datum - Opstân fan it Tsiis- en Breafolk yn West-Fryslân en Kenmerlân. It Slot Brederode wurdt plondere.
- sûnder datum - Mokkemastate by Ealsum wurdt ferwoastge troch de Skieringers.
- sûnder datum - It skaai fan Brederode nimt Hûs ter Kleef yn lien (oant 1568).
- sûnder datum - Karel fan Gelre wurdt nei fiif jier frijkocht út Frânske finzenskip.
- sûnder datum - Om dizze tiid hinne wurdt de Snitser Wetterpoarte boud.
- sûnder datum - De Jouwer kriget it merkrjocht.
Berne
- 12 septimber - Lorenzo II de' Medici, hear fan Florâns († 1519)
Ferstoarn
- 25 jannewaris - Ygo Gaeles Galama, Frysk haadling (* ±1450)
- 8 april - Lorenzo de' Medici, hear fan Florâns (* 1449)
- 7 juny - kening Kasimir IV fan Poalen (* 1427)
- 25 july - paus Ynnosintius VIII (* 1432)
- 24 novimber- Loadewyk fan Gruuthuse, Flaamsk keapman (* 1422)
Jierren: | 1487 | 1488 | 1489 | 1490 | 1491 | 1492 | 1493 | 1494 | 1495 | 1496 | 1497 |
Iuwen: | 10e | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e iuw | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e |
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.