From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sint-Audoënustsjerke (Frânsk: Église Saint-Ouen) is in grutte goatyske tsjerke yn de Frânske stêd Rouen. It is de tsjerke fan in eardere benediktynske abdij, dy't yn de Frânske Revolúsje sletten waard. De tsjerke waard yn dy tiid in fabryk, mar is letter werom jûn oan de Roomsk-Katolike Tsjerke. De tsjerke waard lykwols gjin parochytsjerke, mar wurdt likegoed wol brûkt foar tsjerketsjinsten.
Sint-Audoënustsjerke
Église Saint-Ouen | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Seine-Maritime | |
plak | Rouen | |
adres | Pl. du Général de Gaulle | |
koördinaten | 49° 26' N 1° 05' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Rouen | |
patroanhillige | Audoënus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1318-1537 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Webside | ||
Side fan de tsjerke | ||
Kaart | ||
Yn de tiid nei de Twadde Wrâldkriich tsjinne de tsjerke tydlik as katedraal, oant de restauraasje fan de troch de bombardeminten skeinde Us-Leaffrouwekatedraal wer yn 1956 iepene waard.
De tsjerke is grutter dan de katedraal fan Rouen, mar ienfâldiger fersierd. Mei de katedraal en de tichtebylizzende Sint-Machutustsjerke (Église Saint-Maclou) heart de abdijtsjerke ta de belangrykste goatyske bouwurken fan de stêd. Ferneamd is it oargel fan de tsjerke, dat boud is troch Aristide Cavaillé-Coll.
Oan it begjin fan de skiednis fan it kleaster stiet in yn de 7e iuw boude tsjerke, dy't oan de apostel Petrus wijd wie. Yn it jier 640 waard Audoënus aartsbiskop fan Rouen. Audoënus joech ried oan de Merovingyske kening Dagobert. Nei syn dea yn Clichy by Parys yn 684 waard syn lichem nei Rouen brocht en dêr yn de Sint-Petrustsjerke begroeven. It grêf waard besocht troch in soad pylgers. Syn namme gyng op it yn it jier 750 stifte kleaster oer.
Yn 841 plonderen en ferneatigen de Wytsings de abdij, lykas hja ek diene mei de abdijen fan Jumièges en Fontenelle en ynearsten wie it wer dien mei it kleasterlibben.
Nei't de oanfierder fan de Wytsings, Rollo, him yn 911 dope liet, liet syn neiteam, de Normandyske hartoggen, de trije abdijen wer opbouwe. De abt dy't de abdij fan Sint-Audoënus wer opbouwe liet wie Hildebert (yn dokuminten "Heldebertus" of "Hildebertus" neamt). Hy wie mooglik sûnt 960 of op syn lêst sûnt 989 abt fan it kleaster en bleau dat oant syn dea yn 1006.
Yn 1660 waard de abdij oernommen troch de Kongregaasje fan Sint-Maurus. De Frânske Revolúsje makke in ein oan de abdij, de ea sa machtige kleastermienskip telde doe noch mar 24 muontsen. De measte abdijgebouwen waarden ôfbrutsen; it dormitoarium waard it stedhûs fan Rouen.
De hjoeddeiske tsjerke waard sûnt 1318 boud. Underbrutsen troch de Hûndertjierrige Kriich waard de tsjerke yn de 16e iuw yn de flamoboyante gotyk foltôge. Fergelike mei oare tsjerken út de lette gotyk ûnderskiedt de tsjerke him troch de bûtengewoan steile ferhâldings fan it middenskip en de hast folslein troch finsters ferfongen muorren. Ek it trifoarium hat bûtenfinsters, sadat it optysk diel útmakket fan de ljochtbeuk. Oars as oare heechgoatyske tsjerken binne de finsters breed, lykas yn de koerôfsluting en kapellen, dêr't de finsters bûtengewoan breed ynboud binne.
De westlike neogoatyske gevel waard fanwegen brek oan jild pas tusken 1846 en 1851 yn in oar soart kalkstien opboud. Keazen waard foar it âldergoedkeapste projekt fan de arsjitekt Henry Grégoire, dat yn guon eleminten beynfloede is troch de heechgoatyske arsjitektuer fan de Keulske Domtsjerke. De twa westlike tuorren (dy't al nei de earste ferdjipping achthoekig wurde), de trije portalen en de bylden datearje út dy tiid. It roasfinster is lykwols orizjineel 16e-iuwsk. De letgoatyske krusingstoer is yn Normandje net frjemd, mar wie yn dy tiid dochs in riskante ûndernimming om't de krusingspylders hast like sterk binne as de oare pylders fan de tsjerke.
De tsjerke besit yn de koerkapellen de grutste samling 14e-iuwske ramen fan Frankryk. Op de oare plakken yn it koer en yn it skip binne de ramen 15e- en 16e-iuwsk. Mar twa histoaryske finsters fan de tsjerke binne net mear oanwêzich. De twa ramen waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje troch in hanneler fernield en binne troch moderne abstrakte ramen ferfongen. Lykas oeral yn Rouen waarden troch de driging fan de Twadde Wrâldkriich de âlde ramen al yn 1939 út de tsjerke ferwidere en opslein.
De tsjerke besit in grut oargel fan fjouwer manualen mei 64 registers. It waard yn 1890 boud troch Aristide Cavaillé-Coll. It oargel is it lêste grutte oargel fan de oargelbouwer en heart ta de belangrykste oargels fan 'e wrâld. Cavaillé-Coll paste it yn syn lêste libbensjierren ûntwikkele konsept fan it symfoanyske oargel ta oant yn de perfeksje. Charles-Marie Widor, skriuwer fan grutte oargelsymfoniën, dy't by de ynwijing yn 1890 op it oargel spile, soe it oargel de Michelangelo ûnder de oargels neamd ha.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.