![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/52/Flag_of_%25C3%2585land.svg/langfy-640px-Flag_of_%25C3%2585land.svg.png&w=640&q=50)
Ålâneilannen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ålâneilannen foarmje in arsjipel yn de Baltyske See. De eilannen lizze oan de yngong fan de Botnyske Golf en foarmje in autonoom, demilitarisearre, ientalige Sweedske regio fan Finlân. De arsjipel foarmet de lytste regio fan Finlân, mei mar 0,49% fan it oerflak fan it lân en mar 0,50% fan de Finske populaasje.
| |||||
![]() | |||||
Offisjele taal | Sweedsk | ||||
Haadstêd | Mariehamn | ||||
Steatsfoarm | Autonoom gebiet binnen Finlân | ||||
Gebiet % wetter |
13.346,5 km² 88,5% | ||||
Ynwenners (2009) | 27.734 | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 9 juny | ||||
Lânkoade | ALA | ||||
Ynternet | .ax | ||||
Tillefoan | +358-18 |
Ålân omfiemet it Fasta Åland (it Haadeilân, mei 90% fan de ynwenners fan Ålân), en in arsjipel besteande ut likernôch 6.700 skearen en eilannen. Fasta Åland is skieden fan de kust fan Sweden troch 38 kilometer iepen wetter nei it westen ta. Yn it easten leit de Ålânarsjipel tsjin de Finske Skearesee oan. Ålâns ienige lângrins leit op de ûnbewenne skear Märket, dy't dield wurdt mei Sweden.