Noard-Germaanske taal From Wikipedia, the free encyclopedia
It Sweedsk (svenska) is in Noard-Germaanske of Skandinavyske taal mei ûngefear 9 miljoen sprekkers. It is de grutste taal yn Sweden (8,8 miljoen sprekkers) en ien fan de offisjele talen fan Finlân (300.000 sprekkers). Yn de Finske autonome provinsje Åland is it Sweedsk de ienige offisjele taal.
It Sweedsk is nau besibbe oan de oare beide fêstelân-Skandinavyske talen, it Deensk en it Noarsk. It Sweedsk en it Noarsk, en wat minder it Deensk, binne ûnderling reedlik fersteanber. Grammatikaal binne de talen nau besibbe. De stavering is wol ferskillend.
De wurdskat fan it Sweedsk is hast hielendal Germaansk. Dochs binne der ek in soad lienwurden út foaral it Latyn, Frânsk en it (Neder)Dútsk. Tsjintwurdich wurde der in soad wurden út it Ingelsk oernommen, oanpast as letterlik oersetten.
De standerttaal (ek wol Rykssweedsk (rikssvenska)) is basearre op 'e dialekten fan Stockholm en omkriten en fan it Mälardal. Oare farianten fan it Sweedsk binne it Finlânsweedsk en it Estlânsweedsk.
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Sweedske ferzje. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.