Star Wars: Visions
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Visions is in Amerikaansk-Japanske tekenfilmsearje dy't yn 2021 begûn. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Fizioenen". De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: Visions is net in ferfolchsearje, mar in blomlêzing, wêrfan't de ôfleverings allegear op harsels steane en hieltyd oare haadpersoanen hawwe. Foar it earste seizoen waarden der 9 ôfleverings makke. Dat binne orizjinele ferhalen, spyljend yn of ynspirearre troch it Star Wars-universum, dy't yn animestyl makke waarden troch sân ûnderskate Japanske animestudio's fan namme. De makkers krigen fan Lucasfilm, dat de auteursrjochten op 'e Star Wars-franchise yn 'e hannen hat, tastimming om har folslein út te libjen. In twadde seizoen sil produsearre wurde troch tekenfilmstudio's út oare lannen en wurdt ferwachte yn 'e earste helte fan 2023.
Star Wars: Visions | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | James Waugh | |
produsint | Kanako Shirasaki | |
útfierend produsint | Jacqui López James Waugh Josh Rimes Justin Leach | |
basearre op | Star Wars fan George Lucas | |
tillefyzjestudio | Lucasfilm Animation ferskaat, sjoch tekst | |
distribúsje | Disney Platform Distribution | |
spilers | ||
haadrollen | gjin fêste haadrollen | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje, blomlêzing | |
sjenre | science fiction, fantasy, aksje, aventoer | |
seizoenen | 1 | |
jierren | 2021 – no | |
tal ôfl. | 9 | |
spyltiid (ôfl.) | 13-22 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten Japan | |
taal | Ingelsk of Japansk | |
besibbe searjes | oare Star Wars-searjes |