Obesitas
From Wikipedia, the free encyclopedia
Obesitas (besibbe en min ofte mear synonime termen binne oergewicht, swierlivichheid, fetsucht, korpulinsje, dikheid, en adipositas) is in kondysje fan it minsklik lichem wêrby 't de natuerlike enerzjyreserve fan in mins of sûchdier, dy't yn fet opslein wurdt, fier oer de gewoane nivo's hinne giet, oant it de sûnens yn gefaar bringt. Swierlivichheid is by wylde bisten frij seldsum, mar net ûngewoan by minsken en by hûsdieren, dy't faak oerfuorre wurde en te min bewege.
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Yn 2008 hie mear as de helte fan de folwoeksen befolking yn de Europeeske Uny oergewicht of obesitas. Gemiddeld wie 15,5% fan de befolking obees (BMI fan mear as 30 kg/m2). Foar de measte Europeeske lannen, wêrûnder Nederlân, wie dit mear as in ferdûbeling fergelike mei de sifers fan 1988.[1]