Mad Max Beyond Thunderdome
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mad Max Beyond Thunderdome, soms Mad Max 3 neamd, is in Australyske post-apokalyptyske, dystopyske science fiction-aksjefilm en neo-western út 1985 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen Mel Gibson en Tina Turner. De titel betsjut "Mâle Max Oarekant it Thunderdome". De film is it trêde diel út 'e Mad Max-searje, nei Mad Max út 1979 en Mad Max 2 út 1981. It ferhaal folget âld-plysjeman Max Rockatansky, dy't nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer noch altyd allinnich omdoarmet yn 'e Australyske woastyn. Hy arrivearret yn it plak Bartertown, dêr't er it op in akkoartsje goait mei de pleatslike hearskeresse Aunty Entity. As dat lykwols oars útpakt as er ferwachte hie, wurdt er ferballe en bedarret er by in isolearre frachtkultus fan in groep bern, dy't draait om in delstoarten Boeing 747 en syn omkommen piloat. Mad Max Beyond Thunderdome krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie ek in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. It wie de lêste film yn 'e rige wêryn't Mel Gibson de rol fan Max fertolke. Pas tritich jier lette, yn 2015, kaam in folgjend diel yn 'e filmsearje út, ûnder de titel Mad Max: Fury Road.
Mad Max Beyond Thunderdome | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Miller George Ogilvie | |
produsint | George Miller | |
senario | Terry Hayes George Miller | |
kamerarezjy | Dean Semler | |
muzyk | Maurice Jarre | |
filmstudio | Kennedy Miller Productions | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Mel Gibson Tina Turner | |
byrollen | Bruce Spense Adam Cockburn Angelo Rossitto Helen Buday Robert Grubb | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Austraalje | |
premiêre | 10 july 1985 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | post-apokalyptyske science fiction-aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 107 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $10 miljoen | |
opbringst | $42,6 miljoen (Austr. & Noard-Am.) | |
filmsearje | ||
filmsearje | Mad Max | |
● foarich diel | Mad Max 2 | |
● folgjend diel | Mad Max: Fury Road |