Mad Max (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mad Max is in Australyske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aksjeskriller út 1979 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen Mel Gibson, Joanne Samuel en Hugh Keays-Byrne. De titel betsjut "Mâle Max". It ferhaal giet oer Max Rockatansky, in plysjeman dy't tsjin 'e eftergrûn fan 'e maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer behelle rekket yn in deadlike fete mei in ûnmeilydsume motorbinde. Mad Max krige polarisearre resinsjes fan 'e filmkritisy. Hoewol't it in lowbudgetfilm wie, brocht de film wrâldwiid mear as $100 miljoen op en fêstige dêrmei in wrâldrekôr foar de geunstichste ferhâlding fan opbringst tsjin kosten fan alle produksjes út 'e filmskiednis. It wie it begjin fan 'e Mad Max-filmsearje, dy't anno 2021 noch altyd (of wer) rint. Mad Max wurdt no rûnom as in cultklassiker sjoen. De film foarme ek de trochbraak foar akteur Mel Gibson.
Mad Max | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Miller | |
produsint | Byron Kennedy | |
senario | James McCausland George Miller | |
kamerarezjy | David Eggby | |
muzyk | Brian May | |
filmstudio | Kennedy Miller Productions | |
distribúsje | Roadshow Film (Austraalje) American Internat. Pict. (Fer. St.) Warner Bros. (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Mel Gibson Joanne Samuel Hugh Keays-Byrne | |
byrollen | Steve Bisley Tim Burns Geoff Parry Roger Ward | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Austraalje | |
premiêre | 12 april 1979 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | dystopyske aksjeskrillerfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 93 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $520.000-595.000 | |
opbringst | $100 miljoen | |
prizen | 4 × AACTA Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Mad Max | |
● folgjend diel | Mad Max 2: The Road Warrior |