Deadpool 2
film út 2018 fan David Leitch / From Wikipedia, the free encyclopedia
Deadpool 2 is in Amerikaanske superheldefilm, aksjekomeedzje en swarte komeedzje út 2018 ûnder rezjy fan David Leitch, mei yn 'e haadrollen Ryan Reynolds, Josh Brolin en Zazie Beetz. De film is basearre op it personaazje Deadpool, út 'e strips fan Marvel Comics. It is it twadde diel út 'e Deadpool-filmsearje, nei Deadpool (2016), en it wie teffens de alfde film út 'e bredere X-Men-rige. It ferhaal giet oer de mismakke superheld Deadpool, dy't in jonge mutant besiket te beskermjen tsjin 'e tiidreizgjende soldaat Cable. Deadpool 2 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in daverjend kommersjeel súkses. Anno 2020 is in trêde film yn ûntwikkeling. Deadpool 2 waard opdroegen oan stuntfrou Joi Harris, dy't ûnder de opnamen omkaam by in ûngemak mei in motorfyts.
Deadpool 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | David Leitch | |
produsint | Simon Kinberg Ryan Reynolds Lauren Shuler Donner | |
senario | Rhett Reese Paul Wernick Ryan Reynolds | |
basearre op | Deadpool fan Fabian Nicieza en Rob Liefeld | |
kamerarezjy | Jonathan Sela | |
muzyk | Tyler Bates | |
filmstudio | 20th Century Fox Marvel Entertainment Kinberg Genre Maximum Effort The Donners' Company TSG Entertainment | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Ryan Reynolds Josh Brolin | |
voice-over | Ryan Reynolds | |
byrollen | Julian Dennison Zazie Beetz Morena Baccarin T.J. Miller Stefan Kapičić | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 10 maaie 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superhelde-aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 119 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $110 miljoen | |
opbringst | $785,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Deadpool-filmsearje | |
● foarich diel | Deadpool |