Deadpool (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Deadpool is in Amerikaanske superheldefilm, aksjekomeedzje en swarte komeedzje út 2016 ûnder rezjy fan Tim Miller, mei yn 'e haadrollen Ryan Reynolds en Morena Baccarin. De film is basearre op it personaazje Deadpool, út 'e strips fan Marvel Comics. It is it earste diel út 'e Deadpool-filmsearje, en it wie teffens de achtste film út 'e bredere X-Men-searje. It ferhaal giet oer de mismakke Wade Wilson, dy't as de maskere held Deadpool jacht makket op 'e man dy't him troch yllegale eksperiminten bejeftige hat mei superkrêften. Deadpool krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in daverjend kommersjeel súkses. Yn 2018 kaam in ferfolchfilm út, mei as titel Deadpool 2. Anno 2020 is in trêde film yn ûntwikkeling.
Deadpool | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Tim Miller | |
produsint | Simon Kinberg Ryan Reynolds Lauren Shuler Donner | |
senario | Rhett Reese Paul Wernick | |
basearre op | Deadpool fan Fabian Nicieza en Rob Liefeld | |
kamerarezjy | Ken Seng | |
muzyk | Junkie XL | |
filmstudio | 20th Century Fox Marvel Entertainment Kinberg Genre The Donners' Company TSG Entertainment | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Ryan Reynolds Morena Baccarin | |
voice-over | Ryan Reynolds | |
byrollen | Ed Skrein T.J. Miller Stefan Kapičić Gina Carano Brianna Hildebrand | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 8 febrewaris 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superhelde-aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 108 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $58 miljoen | |
opbringst | $783,1 miljoen | |
prizen | Saturn Award 2016 | |
filmsearje | ||
filmsearje | Deadpool-filmsearje | |
● folgjend diel | Deadpool 2 |