Creed II
From Wikipedia, the free encyclopedia
Creed II is in Amerikaanske sportdramafilm út 2018 ûnder rezjy fan Steven Caple jr., mei yn 'e haadrollen Michael B. Jordan, Tessa Thompson en Sylvester Stallone. De film is it achtste diel fan 'e Rocky-filmsearje, en folget as sadanich op Creed, út 2015. It ferhaal giet oer de jonge bokser Adonis "Donnie" Creed, dy't traind wurdt troch boksfeteraan Rocky Balboa as er in nije tsjinstanner kriget: de Rus Viktor Drago, waans heit Ivan yn 1985 Donnie syn heit Apollo by in bokswedstryd deaslein hat. Creed II krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Fluch de feiten
Creed II | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Steven Caple jr. | |
produsint | Irwin Winkler Charles Winkler William Chartoff David Winkler Kevin King-Templeton Sylvester Stallone | |
senario | Juel Taylor Sylvester Stallone | |
kamerarezjy | Kramer Morgenthau | |
muzyk | Ludwig Göransson | |
filmstudio | Metro-Goldwyn-Mayer New Line Cinema Chartoff-Winkler Productions | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.) Warner Bros. (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Michael B. Jordan Tessa Thompson Sylvester Stallone | |
byrollen | Phylicia Rashad Dolph Lundgren Florian Munteanu Wood Harris | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 novimber 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sportdramafilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Russysk) | |
spyltiid | 130 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $50 miljoen | |
opbringst | $214,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Rocky | |
● foarich diel | Creed |
Slute