Creed (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Creed is in Amerikaanske sportdramafilm út 2015 ûnder rezjy fan Ryan Coogler, mei yn 'e haadrollen Michael B. Jordan en Sylvester Stallone. De titel is de efternamme fan 'e haadpersoan. De film is sawol in ferfolch op as in spin-off fan 'e Rocky-searje. It ferhaal giet oer de jonge bokser Adonis Johnson, de oerwûne soan fan boksleginde Apollo Creed, dy't oankloppet by Rocky Balboa, de âlde rivaal en freon fan syn heit, om him te trainen. Creed waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûntfongen en woeks yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. Stallone waard foar syn rol nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur, en wûn de Golden Globe yn dyseldichste kategory. In ferfolchfilm, Creed II, kaam út yn 2018.
Fluch de feiten
Creed | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ryan Coogler | |
produsint | Irwin Winkler Robert Chartoff Charles Winkler William Chartoff David Winkler Kevin King-Templeton Sylvester Stallone | |
senario | Ryan Coogler Aaron Covington | |
kamerarezjy | Maryse Alberti | |
muzyk | Ludwig Göransson | |
filmstudio | Metro-Goldwyn-Mayer Warner Bros. New Line Cinema Chartoff-Winkler Productions | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Michael B. Jordan Sylvester Stallone | |
byrollen | Tessa Thompson Anthony Bellew Graham McTavish Phylicia Rashad | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 19 novimber 2015 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sportdramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 133 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $35-40 miljoen | |
opbringst | $173,6 miljoen | |
prizen | Golden Globe 2016 | |
filmsearje | ||
filmsearje | Rocky | |
● foarich diel | Rocky Balboa | |
● folgjend diel | Creed II |
Slute