Andor (telefyzjesearje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Andor is in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Andor is in spin-off en prequel fan 'e film Rogue One: A Star Wars Story út 2016, dy't sels in prequel wie fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Cassian Andor, in ofsier by en spion foar it Rebelleferbûn, dat yn 'e Galaktyske Boargeroarloch ferwikkele is mei it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. De searje folget Andor yn 'e fiif jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Rogue One. It earste seizoen fan Andor kaam yn it neijier fan 2022 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+. De ferwachting is dat it twadde en lêste seizoen yn it neijier fan 2024 útkomme sil.
Andor | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Jared Busch | |
ûntwikkele troch | Tony Gilroy | |
produsint | Kate Hazell David Meanti | |
útfierend produsint | Tony Gilroy Sanne Wohlenberg Kathleen Kennedy Diego Luna Toby Haynes Michelle Rejwan | |
regisseur(s) | Toby Haynes Susanna White Benjamin Caron Ariel Kleiman Janus Metz Alonso Ruizpalacios | |
senario | Tony Gilroy Dan Gilroy Stephen Schiff Beau Wllimon | |
basearre op | Rogue One: A Star Wars Story | |
kamerarezjy | Adriano Goldman Frank Lamm Damián García Jonathan Freeman | |
muzyk | Nicholas Britell | |
tillefyzjestudio | Lucasfilm | |
distribúsje | Disney Platform Distribution | |
spilers | ||
haadrollen | Diego Luna Kyle Soller Adria Arjona Fiona Shaw Stellan Skarsgård Denise Gough Genevieve O'Reilly Faye Marsay Varada Sethu Elizabeth Dulau | |
skaaimerken | ||
foarm | live-action-ferfolchsearje | |
sjenre | science fiction, fantasy, aksje, aventoer | |
seizoenen | 2 | |
jierren | 2022 – 2024 | |
tal ôfl. | 24 | |
spyltiid (ôfl.) | 38-57 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk (ek guon fiktive talen) | |
webside | www.disneyplus.com/series |