Ahsoka (telefyzjesearje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ahsoka is in oankommende Amerikaanske minysearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Ahsoka grypt benammen werom op 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en de Star Wars-prequeltrilogy, beide fan George Lucas, en teffens op 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet de searje fiif jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Jedi-ridder Ahsoka Tano, wa har rol fertolke wurdt troch aktrise Rosario Dawson. De searje is in spin-off fan The Mandalorian en is ek ûnderling ferbûn mei The Book of Boba Fett en Star Wars: Skeleton Crew. De ferwachting is dat Ahsoka yn 'e rin fan 2023 beskikber komme sil fia de streamingtsjinst Disney+.
Ahsoka | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Dave Filoni | |
ûntwikkele troch | Jon Favreau Dave Filoni | |
útfierend produsint | Jon Favreau Dave Filoni Kathleen Kennedy | |
regisseur(s) | Dave Filoni Peter Ramsey | |
senario | Dave Filoni | |
basearre op | ● de Star Wars-trilogy en ● de Star Wars-prequeltrilogy fan George Lucas | |
tillefyzjestudio | Lucasfilm | |
distribúsje | Disney Platform Distribution | |
spilers | ||
haadrollen | Rosario Dawson Natasha Liu Bordizzo Hayden Christensen Eman Esfandi | |
skaaimerken | ||
foarm | live-action-minysearje | |
sjenre | science fiction, fantasy, aksje, aventoer | |
seizoenen | 1 | |
jierren | 2023 | |
tal ôfl. | ? | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk (ek guon fiktive talen) | |
webside | www.starwars.com/series/ ahsoka | |
besibbe searjes | ● The Mandalorian ● The Book of Boba Fett ● Star Wars: Skeleton Crew |