Star Wars: Skeleton Crew
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Skeleton Crew is in oankommende Amerikaanske tillefyzjesearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer, en sil ek coming-of-age-eleminten hawwe. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Unfolsleine Bemanning". Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet de searje fiif jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. It is in spin-off fan 'e eardere searje The Mandalorian en is ferhaaltechnysk ferbûn mei dy searje en twa oare spin-offs, The Book of Boba Fett en Ahsoka. De ferwachting is dat Star Wars: Skeleton Crew yn 'e rin fan 2023 beskikber komme sil fia de streamingtsjinst Disney+.
Fluch de feiten
Star Wars: Skeleton Crew | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
ûntwikkele troch | Jon Watts Christopher Ford | |
útfierend produsint | Kathleen Kennedy Jon Watts Jon Favreau Dave Filoni Christopher Ford | |
basearre op | de oarspronklike Star Wars-trilogy fan George Lucas | |
kamerarezjy | Sean Porter | |
tillefyzjestudio | Lucasfilm | |
distribúsje | Disney Platform Distribution | |
spilers | ||
haadrollen | Jude Law | |
skaaimerken | ||
foarm | live-action-minysearje | |
sjenre | science fiction, fantasy, aksje, aventoer | |
seizoenen | 1 | |
jierren | 2023 – 202? | |
tal ôfl. | ? | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk (ek guon fiktive talen) | |
besibbe searjes | ● The Mandalorian ● The Book of Boba Fett ● Ahsoka |
Slute