Aarhus
From Wikipedia, the free encyclopedia
Aarhus (fan 1948 oant 31 desimber 2010 offisjeel stavere as Århus) is de twadgrutste stêd fan Denemark en it haadplak fan de gemeente Aarhus. It leit oan 'e eastkust fan it skiereilân Jutlân, yn it geografyske sintrum fan Denemark, 187 kilometer noardwestlik fan Keappenhaven (Kopenhagen) en 289 kilometer benoarden Hamboarch (Hamburg). De stêd hat 269.022 ynwenners (1 jannewaris 2017) en de gemeente hat 335.684 ynwenners (2017).[1] Aarhus is de sintrale stêd yn de Stedsregio East-Jutlân dat yn 2015 in totale befolking fan 1.279.492 minsken hie.
Aarhus | ||
Fan boppe nei ûnder en fan links nei rjochts: Skyline, stedshûs, Isbjerget, Park Allé. | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 335.684 (2017) | |
Oerflak | 91 km² | |
Polityk | ||
Lân | Denemark |
Tsjintwurdich is Aarhus de kulturele en ekonomyske kearn fan 'e regio en it grutste sintrum foar hannel, tsjinsten en yndustry yn Jutlân. De stêd is de 92e grutste stêd yn 'e Europeeske Uny en nûmer 234 yn 'e list fan wrâldstêden. Aarhus stiet ek yn de top 100 fan stêden dêr't de measte konferinsjes holden wurde. Aarhus is de wichtichste yndustriële haven fan it lân op it mêd fan kontenerferwurking en in wichtich hannelsplak yn it Kattegat. Grutte Deenske bedriuwen hawwe dêr har haadkantoar en der reizgje in protte forinzen út de hiele regio Midtjylland foar wurk en frije tiid nei de stêd. It is in sintrum foar ûndersyk en ûnderwiis yn 'e Skandinavyske lannen en hat mei de universiteit fan Aarhus de grutste universiteit fan Skandinaavje, ûnder oaren Aarhus University Hospital en INCUBA Science Park binne ûnderdiel fan de universiteit fan Aarhus. Mei 48.482 ynwenners ûnder de 18 jier is Aarhus de jongste stêd fan Denemark. Aarhus is ek de twadde fluchstgroeiende Deenske stêd, mei in trochsneed groei fan 4.500 minsken it jier sûnt 2008.[2]