Örebro
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Örebro (letterlik: 'brêge oer grintbanken') is in Sweedske stêd yn it lânskip Närke en de provinsje Örebro län. Örebro heart ta de gemeente Örebro. De stêd leit yn in foar Sweedske begripen tichtbefolke gebiet, yn Midden-Sweden. It is de op 5 nei grutste stêd fan it lân. Örebro is ien fan de stêden yn Sweden dy't te meitsjen hat mei in flugge befolkingsgroei oer de perioade 2005-2010. Der wurdt ferwachte dat as dat sa trochgiet it plak grutter wurde sil as de stêd Västerås en sa it op 4 nei grutste plak wurde sil.
Örebro | ||
Bestjoer | ||
Lân | Sweden | |
Lânskip | Örebro län | |
Gemeente | Örebro | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 107.038 (2010) | |
Oerflak | 42,96 km² | |
Befolkingsticht. | 2491,57 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1404 stedsrjochten | |
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
http://www.orebro.se |
De delsetting ûntstie oan it rivierke Svartån dy't yn de Hjälmarenmar útkomt. It waard yn de Skandinavyske midsiuwen in hannelsplak fan belang dat yn de 13e iuw al yn skriftlike boarnen neamd waard.
Yn de twadde helte fan de 19e iuw makke de skuonyndustry dêr opgong en makke de stêd ek syn earste groeispurt troch. It grutte tal skuonfabriken besoargen de stêd syn bynamme 'skuonstêd'. Healwei de 20e iuw waarden tsjinstferliening en ûnderwiis hieltyd wichtiger. De Universiteit fan Örebro is ien fan Swedens nijste, dat wol sizze de besteand hegeskoalle (högskola) waard yn 1999 opwurdearre ta universiteit.
Örebro is ferneamd om syn kastiel yn it sintrum op in eilantsje yn de Svartån en ek om de wettertoer 'Svampen' (= de poddestoel).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.